De Pearel

De Pearel
algemiene gegevens
oarspr. titel The Pearl
auteur John Steinbeck
taal Ingelsk
foarm novelle
1e publikaasje 1945
oarspr. útjwr. Viking Press
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Pearel
publikaasje 1988, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Ida Bouwhuis-Minnema
ISBN oers. 9 06 27 34 057

De Pearel, yn it oarspronklike Ingelsk: The Pearl, is in novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer en Nobelpriiswinner John Steinbeck (1902-1968). It ferhellet oer in earme man dy't in kostbere pearel opdûkt, mar mear kwea as goed fan it ding ûnderfynt. Foar The Pearl liet Steinbeck him ynspirearje troch in Meksikaansk folksferhaal dat er yn 1940 heard hie en yn La Paz, yn 'e (Meksikaanske) steat Súd-Nederkalifornje, in gebiet dat foarhinne bekend stie om syn rykdom oan pearels. De novelle waard foar it earst publisearre yn 1945, en yn 1947 (mei meiwurking fan Steinbeck) adaptearre ta in Meksikaanske film mei as titel La Perla. It is ien fan Steinbeck syn populêrste boeken, en hoewol't it net spesifyk foar tiners skreaun is, is it rûnom op middelbere skoallen brûkt. De Fryske oersetting, fan Ida Bouwhuis-Minnema, ferskynde yn 1988.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy